05/02/2026
Ha goeie folgers, it is wer tongersdei en tiid foar ús wyklikse ferhaaltsje.
Wêr binne wy bleaun?
Ofrûne freed is Sieb, de man fan Hil, operearre oan syn noas. It herstel giet gelokkich goed, mar hy moat de kommende tiid rêstich oan dwaan.
Wylst Hil thús de soarch en stipe jout, is Elly dwaande west mei it útwurkjen fan ús nije kuierrûte.
Us nije aventoer sil hjitte:
“De Floggende moekes – troch waar en wyn rûnom Grinslân.”
En dit mei fansels net ûntbrekke:
Moi Grunn, veur je ’t weet lopen de Floggende moekes al langs dien dörp.
Wêr binne wy freed?
Us kuier begjint yn it doarp Visvliet. Dit doarp is bekend omdat Eise Eisinga hjir wenne hat. Ek hat Visvliet him troch Eisinga ynspirearje litten en in bysûndere Droomtocht makke. Dêr hearre jim letter mear oer.
Fan Visvliet rinne wy fierder fia Pieterzijl en Lauwerzijl nei ús einpunt Zoutkamp.
Wat docht it waar freed?
It wurdt in frisse kuierdei. De termobroek kin ûnder de rinbroek oan, de mûts op ’e holle en de moffen om ’e hannen.
Mar gjin noed: nei in pear kilometer rinne wy ús wol waarm.
In bytsje oer Zoutkamp: dit is in âld fiskersdoarp en eartiids de seehaven fan Grinslân. De haven, de skipkes en de fiskerij jouwe it doarp syn bysûndere sfear. Tsjintwurdich stiet Zoutkamp benammen bekend om de garnalen en de gesellichheid oan it wetter, in prachtich plak om ús kuier ôf te sluten.
Wa wit komme wy jim ûnderweis wol tsjin. Jim herkenne ús oan ús rôze truien of moaie mûtsen. Wy fine it altyd gesellich om efkes te praten of in foto te meitsjen.
Leave groet,
Hil & El
De Floggende moekes – troch waar en wyn.